Adieu Parys
Rinse hat meidien oan in opstelkriich oer Parys en dêr de earste priis mei fertsjinne foar syn skoalle. Ut alle klassen meie der guodden mei nei Parys, dat is de priis dy't er der mei wûn hat. Se geane fjouwer dagen op paad om alles wat mar nijsgjirrich is te besjen. Harren gids Françoise is twatalich en uteraard hikke en tein yn Parys. It is de lêste jûn en alles wat se sjoen en dien ha wurdt yn sang en petear nochris oereide. It wie prachtich allegearre, mar... Fryslân is't ek en se noegje har graach út foar in besite hjirre. De bewurker hat Grouster nammen en sitewaasjes ynpast, mar mei wat feroaringen yn'e tekst kin it rûnom spile wurde. Gaadlik foar bygelyks Mavo-skoallen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | VREDEN, Benny |
Titel: | Adieu Parys |
Skreaun yn: | 1986 |
Utjoen yn: | 1981 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Hoekema, Teake |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1999-04-19 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 6 |