Afke D.

In montaazje fan groteske sênes, dêr 't yn sjen litten wurdt hoe 't Afke Dafke fan har berte oant har dea, it slachtoffer is fan it systeem dat troch Fabryk yn stân holden wurdt. Sy wurdt berne mei in medysk eksperimint. Har mem ferliest hjirby it libben. Dan wurdt se doopt mei jild. Op skoalle wol in net sa bêst. Afke D. is foarbestimd om yn it Fabriek te wurkjen fan in man dy't 'Fabriek' hjit. In harsesspieling en in ûndersyk nei har seksuele geskiktheid mislearje. Dan trout se mei Jehannes, mar ek dat is gjin sukses. 'Partnerruil' helpt ek net en ûnder twang fan Fabriek skiedt se fan Jehannes en trout mei Fabriek. Dy wol in bern fan har, mar dat moat makke wurde troch in man mei in goede oplieding en libben sied. Afke rekket yn ferwachting en har bern moat krekt sa berne wurde as sy sels. Ek sy ferliest hjirby it libben, Fabriek wurdt dea sketten sadat der op 'e ein twa liken binne. Afke D. ferbyldet de striid foar in eigen identiteit tsjin in op jild rjochte systeem. Afke ferset har wol, mar se wurdt twongen mei te draven mei de massa. Har 'rêding' fan de bedriging troch it systeem is: de geunst sykje fan Fabryk, mar dat helpt har dus krekt net.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SPOELSTRA, Oene
Titel: Afke D.
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1989
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-09
Dekor:
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 10
Tal manlju: 10