Ai ai ai Caramba

Wolkom op Ibiza! Wolkom yn Hotel Mirador! In stel Friezen, Geart en Berta Bonkema, hat dit âlde hotel kocht, neidat Berta har baan as bewarder kwytrekke troch sluting fan de finzenis. De omskeakeling fan sipier nei gastfrou is lykwols dreech, Berta falt noch geregeld werom yn âlde gewoanten. It hotel hat in protte achterstallich ûnderhâld en dêrom ha se oannimmer Kobus – Krekt – Kerkstra oerkomme litten. Mar it sjit net op, want Kobus nimt al gau de Spaanske maňana-mentaliteit oer. Dêrby begjint it jild dat se liend ha fan Berta har tante Lydia no op te reitsjen en de ynkomsten falle ôf. In faillissement driget. Ta oermaat fan ramp krije se ek noch stevige konkurrinsje fan in bekende hotelketen. Der moat wat barre en gau ek. Tafallich treft it dat âld-buorlju Piter en Sjouk op besite komme. Geart-en-dy hiene se útnûge en hoewol se noch noait yn it bûtenlân west ha, doarre se de reis oan. Se binne lykwols noch mar amper oankaam, of de hel brekt los. Hoe dat sa? Gean der mar ris goed foar sitten, dan sille jim it sjen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SLOOTS, Henk
Titel: Ai ai ai Caramba
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2019
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2019-09-06
Dekor: it terras fan in wat fertutearze hotel op Ibiza
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4