Albedil
Frou Happert, de arbeidster fan makelaarskantoar Weltens, fynt op in jûn in lyk op ien fan 'e keamers. In manspersoan, dêr't hja fan mient dat it har baas, mynhear Weltena, is. Hja is net al te bot fan 't hynder (in echt folkstype mei in rap mûltsje en tige byderhant) en skillet de polysje. As dy komt, is it lyk nearne mear te finen, mar der binne wol bloedspoaren. Haadynspekteur Tiering hat al gau yn 'e rekken dat alle personielsleden en ek de frou fan it slachtoffer, eins wol in motyf hiene om de man oan kant te helpen. Frou Happert, dy't alles wit en alles sjocht, wat der op it kantoar bart, sil de polysje wol ris even helpe de moard op te lossen, mar se jaget de boel yn 'e bulten en de haadynspekteur op 'e kast... Weltena blykt noch te libjen en dóchs is der immen fermoarde! Mar wa? Dan falt der noch in slachtoffer en no kriget frou Happert dochs byt. Mei kostlike dialogen en libben toaniel rint it stik nei syn ein en de oplossing dy't tige nijsgjirrich is. Bline ferearing, leafde, oergeunst en haat, fermongen mei irony en net te min humor, foarmje meielkoar dit geve stik.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POPPLEWELL, Jack |
Titel: | Albedil |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Westra, B. |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1999-01-20 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |