Alfred en Albert

As syn frou en dochter in pear dagen nei Appingedam geane, sil Alfred yn Parys lekker oan'e swier. Mei syn boekhâlder -Paul- praat er ôf, dat er mobyl berikber bliuwt. Krekt as er fuort gean sil komt Eva, in nachtklub-dûnseres, dy't er oait syn adres jûn hat. Eva wol net fuortgean mar Alfred giet dochs nei Parys. Hy jout Paul de opdracht it mar út te sykjen. Efkes letter komme Alfred syn suster en har man en Alfred syn frou en dochter belje, dat sy de trein mist ha. Wat no, Alfred is al nei Parys. Dan komt Albert, syn twillingbroer, dy't er yn gjin 30 jier sjoen hat. Albert komt om jild, dat wol Paul him wol jaan as er de kommende dagen seit dat er Alfred is. Dat fynt Albert bêst, mar hy hat der gjin aan fan hokker minsken yn'e hûs omrinne. Mei troch al dy misferstannen is elkenien lulk op Alfred as dy werom komt. Hy giet fuortendaliks werom nei Parys en Paul dy't it ek net mear sitten sjocht, seit dat er mei him mei giet.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SLOTBOOM, Carl
Titel: Alfred en Albert
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1999
Te keap: 1
Oersetter: Kielstra, F.
Oarspr. Titel: Alfred en Albert
Ynfierdatum: 1999-04-19
Dekor: Húskeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5