Alle dagen freed

Dykstra hat in transportbedriuw, mei - bûten himsels - ien sjauffeur. As syn soan Sjoerd ûnder tsjinst wei komt, hat dy grutte plannen met de saak. Hy wol it bedriuw modernisearje, útwreidzje en op it bûtelân begjinne te riden. Hy wit syn heit foar de plannen te winnen en se keapje in grutte frachtwein-kombinaasje. Bûten heit en de âldere sjauffeur nimme se noch twa jongkeardels yn tsjinst en foar de administraasje komt der in jongfaam op 't kantoar. In jier letter is Dykstra jr. mei Sus, de kantoarhelp, troud en ferwachtsje se ek al in lytse poppe. Ien fan de nije sjauffeurs hat earder ferkearing mei har hân, mar dy doocht net. As er nei Dútsklân west hat mei in lading tsiis, is der 500 kilo weiwurden; letter is syn fersnellingsbak fierstente gau yn 'e poeier en mear fan dat soart dingen. As der dan ek noch ferdôvingsmiddels yn syn wein fûn wurde, is de boat oan en kriget er dien, neidat er Sjoerd mei in revolver drige hat.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SCHAPER, A.J.
Titel: Alle dagen freed
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1984
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 5