Alles foar de tún

In man en in frou mei in soan (15 j.) wenje boppe harren stân, dat de frou ornearret, se soe der wol in baantsje by nimme kinne, as wie 't mar foar heale dagen. Der komt in 'mefrou' by har op besite, dy't har samar in pakje bankbiljetten tatriuwt en har te witten docht dat se by har gâns fertsjinje kin as se har beskikber stelle wol foar har 'klanten. Ynearsten wol se dêr neat fan witte, mar se hâldt it jild en dêrmei hat se a sein en binnen de oare letters net te kearen. It jild streamt no op har ta, se kin alles oanskaffe wat se mar wol en hâldt dan noch it measte oer, dêr't se winliken wat mei oan rekket. Se stjoert it dan anonym yn in pakje oan har man: f. 5.000,-- mar leafst. Dan komt de moard út hóe 't se byfertsjinne hat; mar net earder as dat se earst al besletten hiene om in feestje te bouwen mei noch trije oare pearen. As it feest yn folle fleur is, komt 'de' mefrou der yn en pratendewei docht bliken dat alle froulju dêr yn 'e hûs by har 'yn tsjinst' binne; mar dat net allinne: de plysje hat der lucht fan krige en se moatte staf en af in oar 'hûs' sjen te finen. Dan komt der noch in frijfeint-húsfreon yn it spul - hy fungearret tagelyk yn it stik as yntermediair tusken de scène en it publyk - dy't de oanwêzigen healdronken de wierheid seit. Omdat elk bang is dat hy harren dwaan en litten fierder buorkundich meitsje sil, wolle se him dêr hâlde. Hy ferset him en om him it razen te beletten, wurdt him in kessen oer de holle treaun, sa bot dat er it bestjert. Op oanrieden fan 'mefrou', bedobje se it lyk yn 'e tún.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ALBEE, Edward
Titel: Alles foar de tún
Skreaun yn: 1968
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Molen v.d., Kei
Oarspr. Titel: Everything for the garden
Ynfierdatum: 1999-01-20
Dekor: Húskeamer
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 6