Allinne út leafde
Barbara en Peter binne lokkich troud. De dei dat harren jonkje Billy berne wurdt feroaret it libben dramatysk. Billy hat in slimme spiersykte en sil nei in protte lijen jong stjerre. De âlden kinne dit net oansjen en sykje help by de dokters foar eutanasy, mar net ien wol helpe. Dan beslút Peter om it sels te dwaan, as Billy ferstoarn is jout Peter him oan by de plysje. Hy kriget finzenisstraf. As er wer frij komt geane Peter en Anne nei Spanje en besykje opnij te begjinnen. Mar it gelok is foarby. spanning, fertriet en twifels bliuwe, der oer prate slagget net. Yn Spanje krije se noch in famke, Anne, dy't fan harren foarskiednis neat komt te witten, oant Peter komt te ferstjerren. Dan stiet der samar muoike Helen foar de doar. Sy hat de advertinsje dy't Anne yn in Nederlânske krante setten hat lêzen en wol witte wat der bard is. Sy hat yn gjin 20 jier kontakt mei Barbara en Peter hân en wit dus ek net dat Anne berne is. De kâns dat Helen fertelle sil wat der foar Anne har berte bard is makket dat Barbara it no tiid fynt om de brief dy't Peter foar Anna efterlitten hat, oan har lêze te litten. Foar Anna in swiere slach as se alles oan'e weet komt. Mar ek foar Barbara is it slim om der efter te kommen dat Peter sûnder dat sy it wist troch in pil in ein oan syn libben makke hat. Mar it slimste is wol dat it har dúdlik wurdt dat Peter mei deselde twifel en eangst omrûn as sy en der net oer prate woe om't er bang wie har sear te dwaan. Anne stiet achter de ideeen fan sawol har heit as har mem, hoe as dy ek binne. In stik dêr't in protte problematyk fan dizze tiid besprekber makke wurdt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BROMET, Rosa |
Titel: | Allinne út leafde |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 2000 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Postma J. |
Oarspr. Titel: | Alleen uit liefde |
Ynfierdatum: | 2001-04-26 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 0 |