Appeltsje
No 't de famylje, wêr't sy oan't no ta wurke, fuort is, bliuwt de húshâldster allinne achter yn it lege hûs. Se is bang om yn harsels te praten, om't se dan wer oan alderhanne dingen út it ferline tinkt. Ynienen wurdt se oansprutsen troch in appel dy 't se opite woe. De appel stelt har gerêst en hat begryp foar har, mar ropt har ek op om it libben net samar foarby gean te litten. As har soan delkomt om har op te heljen, fret hy de appel op en makket sa har dream, ûnbedoeld, yn ien kear stikken. In oandwaanlike (hast) monolooch mei in absurd tintsje yn de foarm fan in pratende appel. (dy 't op bân opnommen wurde kin of troch in akteur mei mikrofoan út de kûlissen wei spile wurde kin) De goedmoedige soan set mem op de ein wer wreed mei beide fuotten op 'e grûn. Dizze ienakter kin apart spile wurde, mar is ek diel fan in fjouwerlûk, neamd "Komme & Gean". De húshâldster spilet ek yn de ienakter "Connie en Nico", de soan Rudi yn de ienakter "Utwei".Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRANS, Hans |
Titel: | Appeltsje |
Skreaun yn: | 2003 |
Utjoen yn: | 2004 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Looyenga, Jan |
Oarspr. Titel: | Appeltje |
Ynfierdatum: | 2005-12-28 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 2 |