Bakje treast

Paul, in fanke fan in jier of 16/17, nimt foar it earst in jonge mei nei har keamer. Hja hawwe in petear oer it dichtsjen, dat hja docht en oer boeken. Hy seach yn har earst in aardich famke om mei út te gean; no kriget er wat mear belangstelling foar har as persoan. It petear fan de jongelju wurdt kear op kear steurd. Earst komt de húsfrousfaam al in kear as wat mei skytboadskipkes, dan Paul har mem en yn 't lêst knoffelt har heit de treppen ek noch op. Allegearre út noed, dat de beide jongelju meiïnoar op bêd gean sille. Dat komt ien mei oar wat yn in nuver ljocht te stean, as men wit, dat de mem in eigen libben laat, bûten de heit om. Hja hat, sa is bekend, gedoente mei gâns manlju hân en hat dat noch. De heit lit him fersoargje troch Kor, de húsfrousfaam en hat fierder allinnich mar belangstelling foar dowen. Gjin niget, dat de jongelju har "belabberd" fiele. By ien fan de boadskipkes dy't de húsfrousfaam betinkt, biedt hja it jonge span tee ("in kopke treast") oan.... sadwaande de titel.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): KEULS, Yvonne
Titel: Bakje treast
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1985
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, J.
Oarspr. Titel: Thee voor belabberden
Ynfierdatum: 1998-06-11
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 2