Bargebiten

Boer Goasse is tige gjirrich, om't er de rykste boer fan Fryslân wurde wol. Dit hat fan gefolgen, dat syn dochter Tsjitske alle wurk dwaan moat en nea ris wat nijs kriget, wylst de bisten: Beitske de ko, Jakkeltsje de hin en Blabbergat de Baarch, te min fretten en nea ris skjin strie krije. It wurdt sa slim, dat Tsjitske útnaaie wol, mar de bisten helje har oer om by harren te bliuwen en har te ferstopjen op'e heasouder, dêr't heit dochs nea komt. As heit fernimt, dat Tsjitske fuort is en de bisten him dan ek noch allerhande ferwiten meitsje oer syn dwaan en litten, rekket er goed yn'e lytse loege en wol alles wol dwaan en tasizze, as de bisten Tsjitske mar wer opsykje. Hy sjocht no sels yn, hoe ferkeard er altyd west hat. Tsjitske komt dus wer foar't ljocht en alles komt yn'e es.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): ANNEMA, Froukje
Titel: Bargebiten
Skreaun yn: 1985
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-15
Dekor: 1 (dûbeld) dekor
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1