Baron Pier
(Baron) Pier is 2e keamerlid, fuotbalgek en skieden fan Truus, dy't it wat te rêstich waard by Pier. Dochter Paulien komt thús mei Peter om him oan har heit foar te stellen, omt se de moarns krekt mei him troud is. Pier sit op dat stuit mei in freon nei in Europa-Cup finale te sjen en harket mar heal. Paulien forsearret in teeveesteuring, Pier skillet de steuringsstjinst op in wat frjemd 06-nûmer. Truus komt thús op driuwend fersyk fan Paulien en in adelgekke âlde muoike mei de man komme útfanhûs. Muoike wol ha Pier wil wer trouwe, oars kin er it besit fan it âlde famyljeslot wol ferjitte. Pier wol dan Thea, syn help foar twa moarnen yn 'e wike, opdrave litte as oansteande, mar ynstee fan har komt der in dame fan in escortburo. Omke besiket Pier te sjantearjen mei in foto fan dy dame, mar Paulien wit noch wat fan omke. Op 'e ein wurde Pier en Truus it wer iens.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SCHOKKER, Jan |
Titel: | Baron Pier |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-04-17 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |