Befrijing
Mem ferhuzet nei in âldereinflat. Op in tal doazen en meubels nei is se teplak. De ' kringloop' sil it lêste guod ophelje en der is noch wat lytsguod dat skift wurde moat. Mem en har beide bern sille dat yn ôfwachtsjen fan de ' kringloop-manlju' dwaan. Dan fynt de dochter in brief, dy't mem nea ferstjoerd hat en dy't te krijen hat mei mem har hâlden en dragen yn de oarloch. Der blykt noch in soan te wêzen. Dit stik, dat poer geskikt is om sa rûn de betinkings-en befrijingsdagen fan begjin maaie spile te wurden, beljochtet de kant fan de minsken dy't yn de oarloch foar Dútslân keazen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | LETTINGA, Tineke |
Titel: | Befrijing |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2009 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2009-10-05 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |