
Begryp my net ferkeard
Dizze lichtfuottige komeedzje giet oer in famyljeman fan middelbere leeftyd, Karel de Boer, dy't yn New York, dêr’t er foar saken wie, in koarte affêre hân hat mei in Frysk famke, Marloes. Werom yn Fryslân tinkt er dat er gjin spoaren achterlitten hat, hy hat har syn thúsadres en telefoannûmer net jûn bygelyks. Mar it slagget har al om him op te spoaren en op in jûn stiet se foar de doar! Troch foar syn frou Marleen achter te hâlden wa’t se werklik is, komt Karel, en syn broer Robert, dy't helpt by de bedragerij, yn in searje hilaryske komplikaasjes telâne, dy't fersterke wurde troch de komst fan de frou fan Robert, Marlies. Om de saken noch fierder yn de hobbel te skoppen, wurdt al gau dúdlik dat Marleen sels ek in romantysk geheim hat.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | CARGILL Patrick |
Titel: | Begryp my net ferkeard |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2023 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Dijkstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | Don't misunderstand me |
Ynfierdatum: | 2023-07-27 |
Dekor: | wenkeamer |
Omfang: | jûnfoljend 69 siden |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 2 |
