Berend past op’e slach
Janny Landstra, in widdo, driuwt mei har dochter en in feint in boerenbedriuw dêr't Berend, in âlde sjacherder, gauris syn kommen hat. It fredige libbentsje dêr wurdt raar fersteurd as der in brânbrief fan de lânhearre komt, hy wol jild sjen! Hy komt, dy jonker! Troch tadwaan fan âlde Berend, dy't mei de swierrichheden op'e hichte is, rekket de jonker op in nuvere wize it hiem ôf. En de jonker driget dat er Janny de pleats ûnder it gat wei ferkeapje sil. Minke, de jonker syn faam, giet alles fierstente mâl, sy leart de jonker no pas goed kennen, en keart har fan him ôf. Sadwaande set de jonker syn drigemint troch en ferkeapet de pleats. Omdat de jonker net wit wa't de keaper is, falt er dochs noch yn in djip gat, want âlde Berend hat op'e slach past....Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BILDT, Minne de |
Titel: | Berend past op'e slach |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1993 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Meter, Gerrit |
Oarspr. Titel: | Boerenkool met worst |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |