Bern fan in mindere God

James Leeds is krekt oansteld as spraaklearaar oan in lyts dôveynstitút. Hy wurdt mentor oer Sarah, dy't al ferskate dosinten fersliten hat. James begjint entûsjast oan syn taak; Sarah makket it him net maklik. Nei ferrin fan tiid groeit de relaasje, en net folle letter lûkt Sarah by James yn en dat falt by de oare klasgenoaten net goed. Sarah stiet tusken beide partijen yn. Dit wurdt pynlik as se frege wurdt mei te dwaan oan in aksje tsjin de lieding fan it ynstitút. Se moat foar har gefoel kieze tusken James en de oaren. It wurdt dúdlik dat se dit net kin. Fan dat stuit ôf sjocht se yn dat de wrâld bestiet út twa kampen; dy fan de hearrenden en de net-hearrenden. Dizze twa sille nea byelkoar komme kinne, om't net ien fan beiden by steat is om yn de oare wrâld te krûpen. De relaasje mei James stiet dan ek ûnder spanning. Oer de foarm: it stik spilet him ôf yn de geast fan James Leeds. De spilers meitsje harren by wize fan sprekken los út syn ûnthâld om in sêne te spyljen of wol om in pear sinnen út te sprekken. Yn dit stik wurdt gebrûk makke fan dôve-taal. Dit makket dat it stik net samar spile wurde kin. In betûfte ploech kin der lykwols in nijsgjirrige foarstelling fan meitsje: in prachtich stik!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): MEDOFF, Mark
Titel: Bern fan in mindere God
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1995
Te keap: 1
Oersetter: Zee, Pyt van der en Tryntsje v.d. Zee
Oarspr. Titel: Children of a lesser God
Ynfierdatum: 1998-04-17
Dekor: abstrakt en ienfâldich
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 3