Beton

In soan komt op besite by syn al âldere heit en mem yn harren lúkse oanleunbungalow. De soan is net wurden wat heit en mem hope hiene. Froeger skopte hy tsjin alles oan dêr’t syn heit foar stie, tsjin de wrâld fan it grutte jild en alles dat ‘boargerlik’ wie. En al is hy yntiid sels miskien in bytsje boargerlik wurden, noch altyd hat hy in hiel muoisume ferhâlding mei syn heit. Dizze besite oan heit en mem is dan ek in seldsume gebeurtenis. Op dizze dei is ek syn suster Lucy der. Op har liket neat oan te merken – al wie it mar omdat se har as in goede dochter sûnder kleien oer har âlde lju ûntfermet. Koartsein, it belooft as fanâlds in drege en stroefe famyljegearkomste te wurden En dan komt pynlik oan it ljocht dat heit en mem yntiid folle mear help noadich ha as dat elkenien tocht hie. En heit en soan moatte ek noch it ien en oar oersljochtsje fan wat der froeger allegear gebeurd is.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s):
Titel: Beton
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2022
Te keap: ja
Oersetter: Gurbe Dijkstra
Oarspr. Titel: Beton
Ynfierdatum: 2022-12-07
Dekor: wenkeamer
Omfang: 52 siden
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2