Blommen foar in bline

Op in middei yn'e maitiid rattelt by de bline skriuwster, Helen Witteveen, de telefoan. De man oan de oare kant hat, alteast sa liket it, in ferkeard nûmer draaid. Dyselde middei skillet hy noch in stikmannich kear. Op 'e jûn stiet hy ynienen yn 'e keamer mei in bosk blommen. Helen seit, dêr gjin nocht oan te hawwen en freget him om fuort te gean. Dêr wol hy neat fan witte. Al gau docht bliken dat de man geastlik net doogd. Hy fertelt oer syn libben. Hy is dea seit er en allinne syn lichem docht wat hy tinkt wat er dwaan moat. Oer syn hannen wol er net prate. Dy hawwe te faak syn mem slein en hy waard opsluten yn 'e tsjustere kast, syn boartersguod trape hy kapot. Dan komt de buorfrou fan de skriuwster en dat blykt syn mem te wêzen. Sy docht leaf tsjin him en wit no seker dat hy siik is. As sy fuort giet jout se him in tút en Michel begjint te sjongen. It wurdt in spannende lange jûn. In stik foar selskippen dy't ris wat oars as oars spylje wolle.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SLOTBOOM, Carl
Titel: Blommen foar in bline
Skreaun yn: -
Utjoen yn: 2002
Te keap: 1
Oersetter: Krist, A.
Oarspr. Titel: Bloemen voor een blinde
Ynfierdatum: 2004-01-06
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 1