Blyn spul
Aukje Hartstra, in widdo op jierren, hat mei twa freondinnen in fêste kaartjûn. It petear tusken dy trije froulju komt by sa'n gelegenheid op it tekoart oan jild fan it âldereinhûs. Hja litte harren tinzen gean oer de mooglikheden fan stipe jaan en komme ta de konklúzje dat allinne by in bank it jild dêrfoar foar hannen is. Stadichoan libje se ta op in echte oerfal fan de bank oan de oare kant fan de strjitte. It slagget harren, as manlju ferklaaid, de bank foar krapoan in heal miljoen op te lichtsjen. Beppesizzer Sjoukje hie fan te foaren lucht krigen fan de plannen en freget har freon om de rol fan plysjekommissaris te spyljen en sa de froulju goed bang te meitsjen. Hy docht dat goed, mar makket fan de gelegenheid gebrûk om in taast nei de pûde mei jild te dwaan. Hy skoot Sjoukje oan'e kant en wol mei it jild útnaaie nei Súd-Amearika, sa't er seit. Hy hat lykwols net yn'e gaten dat er in pûde mei oefenjild meinommen hat en dêr sil er net fier mei komme. Sa is Sjoukje oan'e ein in yllúzje earmer en binne de froulju krapoan in heal miljoen riker....Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BLUME, Petra |
Titel: | Blyn spul |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1993 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Gall, Bouwe |
Oarspr. Titel: | Rommé to drütt |
Ynfierdatum: | 1998-05-23 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 1 |