Boartsje mei fjoer

It houlik fan Fedde Leistra en syn frou Hil is wat útsliten. Sa komt it dat Hil, as Fedde werris op sakereis is, ferlet kriget fan wat oanhâld, ek al omdat harren dochter krekt troud is en de doar út. Hil komt yn kontakt mei in fotograaf en dat kontakt rint út op in yntime relaasje. As hja op in stuit ta ynkear komt en har tebek lûke wol, dan kriget hja de fotograaf tsjin. Hy besiket har te sjantearjen mei foto's fan har, dy't it ljocht net ferneare kinne. Sa bedarret Hil yn slimme swierrichheden, dêr't noch by komt dat har dochter by de man wei rint en thús komt. As Fedde de situaasje troch kriget is de boat hielendal oan. Hil komt sa yn 'e knipe te sitten dat hja by in moeting mei de fotograaf, him in triuw jout sadat er fan in hichte ôf rûgelet. Dan wurdt it plysjewurk fansels. Mar sa't in blijspul goed ôfrint, docht dit toanielstik dat ek. Nei't dochter en skoansoan it wer iens wurden binne, wurdt der yn it houlik fan Fedde en Hil safolle ferjûn dat hja tegearre ek wer fierder kinne.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): REINALDA, Jeltsje
Titel: Boartsje mei fjoer
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1986
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-12-12
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3