Boer bliuwe

Simmer op in boerebedriuw. Heit is krekt ferstoarn. De soan wurket foar in leanbedriuw, dat sadwaande stiet de mem der suver allinne foar. Der binne skulden en de saken stean der net bêst foar. De man fan de bank riedt de mem oan it spul te ferkeapjen en in hûs yn'e buorren te keapjen. Dêr wol se neat fan witten. Se siket in oare oplossing. De soan, in stillenien, makket plannen om te emigrearjen nei Kanada. Hy wol graach dat syn mem mei giet en besiket har foar it blok te setten. Mar foar har is dy stap fierstente grut. In maatskiplik wurkster, dûmny en de bankman jouwe allegear goed bedoelde rie, mar dat kin de hieltiid gruttere twaspjalt tusken mem en soan net kearen. In modern drama oer de ferneatigjende ynfloed fan maatskiplike krêften op it libben fan minsken dy't mar ien ding wolle: Boer bliuwe.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SPYKSMA, Johannes
Titel: Boer bliuwe
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 2002
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2000-05-16
Dekor: Wenkoken fan in boerehuzinge
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 5