Breidssuite
In tige drok en kompliseare stik à la John Lanting mar foar wa't it oandoart, in bêste 'hap': * in dokter dy't mei syn skarreltsje yn in hotel útfanhûzet; * in dame mei in harp, dy't ûnferwachts ynfalle moat op in muzykfestival ('tafallich' dokter syn eigen - wettige frou); * in butler/portier fan de mindere soarte, altyd yn 'e kontramine, wol in leafhawwer fan foaien, mar net fan syn wurk; * dêrtuskenyn de direktrise, dy't nettsjinsteande alle lekken en brekken fan har hotel, besiket it har gasten nei 't sin te meitsjen. Dat dat net al te bêst slagget mei safolle tsjinslagen en nammeferwikselingen, lit him riede; ûngewoane sitewaasjes, flotte dialogen en in heech tempo freegje it noadige fan regisseur en spilers!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | MARRIOT, Anthony en Bob Grant |
Titel: | Breidssuite |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1997 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Sevenster, Simy |
Oarspr. Titel: | No room for love |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 4 |