Bûnzjen fan boppen
Mathilde Sterkendam, in frijgeselle frou, fersoarget har mem, in rike mar sike frou. Mem makket har kenber trocht te bûnzjen op'e flier. En alle kearen as der bûnze wurdt moat Mathilde opdrave. De oare twa bern bekroadzje har amper om it wol en wee fan mem (Conny) en dochter. Bruno, de soan, is in plastysk sjiruch dy't ferslave is oan de kokaine. Hy besiket syn mem inkeld om jild te lienen foar syn djoere ferslaving. Eugenie is de frou fan Bruno, mar se wol skiede. Eugenie is ferslave oan drank en besiket har skoanmem inkeld om har beklach te dwaan of om jild te lienen. Mathilde hat noch in suster, Simone. Simone is troud mei Berend Onnes, harren lokkige houlik liket oan klisjees en truttichheid ûnder te gean. De iennige stipe dy't Mathilde kriget by de fersoarging fan har mem is dy fan de húsdokter, Richard Fausser. Al gau barre der frjemde dingen; Berend Onnes kriget in fataal hertynfrakt- wylst er noait earder hertklachten hie. De húsdokter is der lykwols fan oertsjûge dat it it hert wie. Dan ferstjert de mem fan Mathilde, mar it bûnzjen giet troch. Simone Onnes rydt har dea as gefolch fan stikkene remkabels. De húsdokter liket ferstân te hawwen fan auto's. In ynspekteur fan plysje - ynspekteur Els Zinger_ hat sa har twifels oer wat der allegear bart by de Sterkendammen. Mar dan sjogge wy hoe't de foarke yn'e stôk sit. Mathilde en de húsdokter fermoadzje tegearre Eugenie Sterkendam. Mathilde wol op dizze wize oan it jild fan har mem komme, en tagelyk it "bûnzjen yn har holle"stopje. No moat Bruno noch dea. It rint speak en Richard Fausser sjit him dea en daliks komt ynspekteur Els Zinger opdraven. It spul liket nei de ein te rinnen en Mathilde en de húsdokter binne derby. Mar dan neamt de ynspekteur mefrou Sterkendam Mathilde. En Mathilde neamt de ynspekteur Els. It lêste skot falt en Richard Fausser stoart del. In spannend ferhaal, mei in soad ferrassingen en in hiele ûnferwachte ûntknoping.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DAVIDS, Ton |
Titel: | Bûnzjen fan boppen |
Skreaun yn: | 1999 |
Utjoen yn: | 2000 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Wijk, Gerda van der |
Oarspr. Titel: | Bonzen |
Ynfierdatum: | 2001-04-26 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |