By de frou útfanhûs
Freark hat as begjinnend komponist al gâns wyskes nei útjouwer Kolkman stjoerd, mar der komt taal noch teken op werom oant no ta. As troud man dan troch de tiid te kommen - mei in frou dy't der ek noch in faam op neihâldt - falt him swier. Dat it is alle moannen wer in útkomst dat de sjek fan Elske-muoi komt, dy't wakkere heech by Leentsje har stúdzje opsjocht, net wittende dat dy al twa jier lyn troud is en dat har sintsjes foar it grutste part foar oare doelen bestege wurde. Ynienen komt muoike útfanhûs en treft se by Leen dus in man oan. De manljushaat, dêr't se har altyd op foarstien hat, slacht om yn ferealens sa't it liket op Freark, dêr't de muoikesizzers beide glêdferlegen mei wurde. En de aap komt pas út 'e mouwe, as der in oare ûnbekende man (muoike har frijer-per-brief) oer de flier komt, net ien minder as... minhear Kolkman. It seit himsels dat by eintsjebeslút alles op syn poatsjes telâne komt, mar hoe?!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | NESNA, Hans |
Titel: | By de frou útfanhûs |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Beintema, Tabe |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1998-06-13 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |