Bycht by ljochtmoanne
Helma, de frou fan in ofsier fan justysje wurdt der fan fertocht dat se har man deasketten hat. Nei in proses wurdt se yn heger berop frijsprutsen. Ynstee fan har no ek frij te fielen, wurdt se suver hast minskeskou, sy lit har alles thúsbringe. De boadskippen wurde har op in kear brocht troch Katryn en dy besiket op alle manieren wat út har te krijen oer de dea fan har man. As dat net slagget, skillet se om help en dan ferskynt in man yn in grien jagerspak mei in gewear. Op útstel fan dy man ferwikselje Helma en Katryn fan rol en kriget hy de kâns om frijút mei Helma te praten oer wat der foarfallen is mei har man. Helma, dy 't harsels al net mear wie, wurdt mei help fan drank en in ynkringend petear sa ûnder druk set dat se suver yn trâns it ferhaal docht dêr 't it de oare beide om te rêden is. Sy bekent dêryn har skuld oan de dea fan har man.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | LEISTRA, Libbe |
Titel: | Bycht by ljochtmoanne |
Skreaun yn: | 1988 |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 1 |