Connie en Nico
Midden tusken de koffers lit heit Gerard tryst de moedfearren hingje: in pre-fakânsje dipke. Hy is teloarsteld dat Nico net mear mei wol. Mem Caroline trunet har man oan om alles yn de auto te setten. Dochter Connie hat lokkigernôch mear begryp foar him. Sy wachtet yn spanning op de útslach fan har hereksamen. Dan komt de âlde húhâldster Hommie Nico oer it mad, dy 't stikem weromkommen is út it argeology-kamp. Nico is net in jonge, mar de twillingsuster fan Connie ( spile troch deselde aktrise) en hjit eins Nicoline. It docht bliken dat se in ferhâlding hat mei de learaar Edwin, dy 't melde sil dat Connie slagge is. Neidat de knoffelige Edwin it útmakket mei Nicoline komme wy krekt goed yn de betizing. Heit tinkt dat Connie sakke is. Hommie besiket it weromkommen fan Nico ferburgen te hâlden. Mem Caroline ( "Ik bin om samar te sizzen Connie en Nico yn ien") besiket om 'e nocht de learaar yn te palmjen. Dy fersint him op 'e nij as er Connie foar him hat. Tusken de bedriuwen besiket Arnold syn rotten te behoedzjen foar it asyl. As de learaar úteinlik tige skrokken útnaad is, nimt mem Caroline it heft wer yn hannen: "we gean mei fakânsje". Dizze kluchtige ienakter, dy 't tagelyk in parody op in klucht is, kin apart spile wurde mar is ek diel fan it fjouwerlûk, neamd "Komme & Gean". De learaar komt ek yn "Ynstappe & Utstappe"; de húshâldster yn "Appeltsje".Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRANS, Hans |
Titel: | Connie en Nico |
Skreaun yn: | 2003 |
Utjoen yn: | 2004 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Wal, Jikkemien van der en Janke van der |
Oarspr. Titel: | Connie en Nico |
Ynfierdatum: | 2005-12-28 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |