Dat mins fan hjirneist

In kreaze, jonge sosjologe wol in proefskrift skriuwe oer 'De grinzen fan de tolerânsje' en dêrop promoveare. Dêrta nimt se sels de proef, mei har buorlju, troch allerhande dingen te dwaan, dy't men mei neiste buorlju en yn in fatsoenlike buert net dwaan kin: jûns let de boarmasine noch brûke, lûde muzyk draaie en... heal neaken yn 'e tún omspane! Yn de earste twa bedriuwen hearre wy de buorlju dêr oer kleien en sjogge wy hoe't se sykje nei mooglikheden om de jonge buorfrou geweken te nimmen. Yn it tredde bedriuw wurde wy gewaar hoe't de foarke yn 'e stâle sit en docht 'dat minske fan hjirneist' ferslach: har proefskrift is klear en oannaam as doktoraal-skripsje. In flot en linich skreaun blijspul mei in ûndertoan om dochs even oer nei te tinken, want as der no, ynstee fan sa'n kreas frommiske, ris in 'asyl-famylje' yn dy fatsoenlike buert kaam wie te wenjen?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): METER, Gerrit
Titel: Dat mins fan hjirneist
Skreaun yn: 199?
Utjoen yn: 1998
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1998-06-03
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4