De âlde húsfeint
Op oantrún fan syn frou, dy't it nochal heech yn 'e holle hat, hat de âld seekaptein Ale Ypma yn Fryslân in âld stins kocht. Harren dochter Nynke hat it aard fan har heit, dus sljochtwei en gjin komkak. By de keap fan de stins hawwe hja de âlde húsfeint mei oernommen. As blykt dat it âld stee breanedich oan ûnderhâld ta is wit dizze lêste wol in oplossing: syn pakesizzer Harke wol de karweien wol op him nimme. Spitigernôch hat Harke by it wurk, mei troch de help fan syn pake, nochal wat tsjinslach. De âld-kaptein, dy't frijwat in bolderbast is, mar it net sa kwea mient, lit mei syn eigen wurdkar, dêr't syn frou mar min oer kin, oan makelder Sander Bouma witte hoe min as er oer him te sprekken is. Harke en Nynke krije al gau sin oan mekoar, dêr't Joukje, de tsjinstfaam, wer min oer kin, om't hja sels in eachje op Harke hat. De buorfrou, frelle Jehanne fan Walinga thoe Slooten blykt fan aard krekt by Ale en Nynke te passen en dus alhier net by "mefrou" Ypma. Fierders spilet der noch in type yn mei: Ale-âld-izer, in neef fan de kaptein. Oan 'e ein komt alles noch wer klear: mei help fan de makelder komt der subsydzje fan 'e oerheid los foar it opknappen fan de stins en komt dy op 'e monumintelist. Pake blykt yn wêzen nimmen oars te wêzen as Wybren Baron fan Sytzama, dus ek Harke is fan adel, wat fansels krekt past yn it strjitsje fan frou Ypma. As de frelle Wybren freget om by har yn te wenjen, komt de portierswente frij en kinne Harke en Nynke har dêr moai nei wenjen sette.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HOF, Alle G. |
Titel: | De âlde húsfeint |
Skreaun yn: | 1984 |
Utjoen yn: | 1985 |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-15 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |