De bal is rûn
De fuotbalklub "Swart-Wyt" hat, bûten eigen fermidden om, in nije foarsitter beneamd. Dizze tinkt oer gâns dingen oars as dat men yn 'e fuotbalwrâld wend is. Dat docht fuort al bliken as ien fan de bêste spilers de auto fan de foarsitter efkes "lient" en him tsjin in lantearnepeal stilhâlde lit. De foarsitter, poerrazen, behellet de plysje der yn en dan wiist it mâl: de bêste spiler opsluten en in belangrike wedstriid op hannen! Hoe no? Nei in bulte iggewearjen slagget it bestjoer der yn him fòàr de wedstriid frij te krijen. Ut de kantine wei, dêr 't twa froulju it behear oer hawwe, wurdt it ferrin fan 'e wedstriid dúdlik makke.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HOF, Alle G. |
Titel: | De bal is rûn |
Skreaun yn: | 1987 |
Utjoen yn: | 1988 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-18 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 6 |