De bear
De widdo Jelina hat har alhiel ôfsletten fan de wrâld, om't se sa'n fertriet hat om har ferstoarne man, dy't har eins altyd min behannele hat. Dan ferskynt Smirnov, in jonge lâneigener. Hy easket it jild op dat er noch fan de ferstoarne barre moast. Hy kin dat lykwols net earder krije as moarn, as de rintmaster der wer is. Dat duorret him te lang, hy wol no jild sjen. Hy makket Jelina út foar alles wat mâl is. De rûzje rint sa heech op dat Jelina mei him duellearje wol. No't er sjocht hoefolle piid der yn it frommes sit wurdt er opslach fereale. As it hiele personiel opdraaft om de bedriger te ferjeien, sjogge se it pear hertstochtlik yn elkoars earmen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | TSJECHOV, Anton |
Titel: | De bear |
Skreaun yn: | 1881 |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Visser-Popma, J.P. |
Oarspr. Titel: | De beer |
Ynfierdatum: | 1998-04-13 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 2 |