
De bernedokter
Thalia Sluyter is in pensjonearre bernedokter, se wennet, tegearre mei Giuseppe, dy’t har helpt mei fan alles en noch wat en mei har dochter (?) Beth, fier fan ’e bewenne wrâld yn in berch-/lânhûs mei in grut stek der omhinne. Thalia hat 6 eks-pasjintsjes útnûge. Wylst Giuseppe kreas docht wat de dokter graach wol en Beth opsletten sit yn har ‘sel’ ferrint de besite fan de dames dochs wat rommeliger as dat dokter Thalia tocht hie. Beth ûntsnapt, in tal persoanen wurde wei yn it grutte hûs fan de dokter en de jierdeitaart sit fol sliepmiddels. De reden wêrom’t de dames by dokter Thalia komme is dúdlik, mar wêrom wol de dokter eins dat de dames by har komme? Dit ôfgryslike geheim wurdt pas oan it ein ûntdutsen en fernuveret sawol de froulju as de taskôgers fan dit sinistere blijspul, dat humoristysk, spannend en ferrassend bliuwt oant it ein. In toanielstik dat it publyk bytiden yn it moed taast en de grutte tema’s net mijt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | DAVIDS, Ton |
Titel: | De bernedokter |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2019 |
Te keap: | nee |
Oersetter: | Tineke Hoekstra |
Oarspr. Titel: | Kinds |
Ynfierdatum: | 2019-02-01 |
Dekor: | oud landhuis |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 8 |
Tal manlju: | 1 |

