De Bloody Mary

As kaptein Rein en syn stjoerman Brant har âlde frachtskip de "Bloody Mary", ombouwe litten ha ta cruisskip, tinke se dat se op dy manier gau in soad jild fertsjinje kinne. De "Bloody Mary" sil in cruise meitsje lâns de moaiste plakjes fan de Middellânske See. Op it lêste momint, springt der in ferstekling oan board. As se dy pas op folle see ûntdekke en hearre wêrom 't er op 'e flecht is, beseffe se dat se gjin inkele havenstêd mear oandwaan kinne. Dan binne der de nedige swierrichheden mei de passazjiers. Hessel Feitsma, dy 't stikem in plezierreiske mei syn sekretaresse, Elske Hietkamp, makket, komt der achter dat syn frou ek oan board is. Dan ha je it krekt troude stel, Doede Gjaltema en syn keken wyfke Geeske, dy 't de breidssuite reservearre ha. Greta Stoet, in eksintrike keunstskilderes, hat in eachje op 'e kaptein. As dan blykt dat it skip sa lek is as in traaljekoer, dan komt it wiere aard fan sommigen ynienen boppe wetter. Konsternaasje rûnom!

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BAKKER, Mary Schoon
Titel: De Bloody Mary
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2006
Te keap: 1
Oersetter: Jorna, Siep
Oarspr. Titel: De Bloody Mary
Ynfierdatum: 2006-07-05
Dekor: ien dekor
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 5