De doar

Earne yn in skoalle is in geheimsinnige doar. De masters hawwe de bern goed yndruid: ûnder gjin betingst meie se troch dy doar gean. Guon bern binne tige nijsgjirrich nei wat der efter dy doar wêze mei. Op in frije dei seit ien fan'e jonges dat er stikem de kaai fan'e doar meinaam hat. Nei lang beried doarre fiif jonges en fiif famkes it oan om dochs troch dy doar te gean. Se komme yn in leech skoallokaal, dêr't in âlde master foar de lege banken sit te sliepen. As er wekker wurdt is er útlitten bliid, dat er wer bern yn'e klasse hat en oan't wurk kin. It slimste foar de bern is, dat er harren net wer gean litte wol. Gelokkich falt de âlde baas efkes yn'e sliep en kinne de bern him de kaai wer ûntfytmanje.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): STOKER, A.G.
Titel: De doar
Skreaun yn: 198?
Utjoen yn: 1987
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-19
Dekor: 2 dekors
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5