De dollar sprekt
De antykhannel fan de bruorren Stolp is de gong út, dat komt trochdat de iene broer ferstoarn is en de oare nei Kanada emigrearre. De widdo fan de ferstoarne broer driuwt no mei har soannen, Wynsen en Sander, de saak, mar mei har trijen sette se te min út'e wei. Sa ferrint it spul en krije se jildpine. As it op't lêst wat al te krap om komt, wurdt der in needgjalp nei Kanada stjoerd om help. Op dat brief komt de rike omke sels del en besiket de lju oan te fiterjen ta it op'e nij opbouwen fan it bestean. Hy hat tagelyk noch in oar boadskip yn Fryslân. Hy is destiids emigrearre om't er de faam dy't er ha woe, net krije koe. Hy siket no krekt salang dat er har fûn hat en wurdt gewaar dat se in dochter hat. Om't dy dochter like âld is as de pleechdochter Lyske, dy't de hûshâlding docht by de famylje Stolp, tinke de widdo en Wynsen dat Lyske wolris de dochter fan Wisse, de Kanadees, wêze kin en dat by it ferstjerren fan Wisse, dy syn erfskip harren noas foarby giet. Wynsen docht dan in slach om Lyske èn it jild yn de famylje te hâlden, mar hy kriget blau. Sûnder dat it jild de haadrol spilet wurde Sander en Lyske it al iens. As bliken docht dat Wisse hielendal gjin jild hat, nimt de widdo it heft wer yn hannen. Sy set Wisse foar de kar: óf nei syn eardere faam óf by harren yn'e saak. Wisse hat murken dat hy en de faam elkoar dochs frijwat ûntgroeid binne nei al dy jierren en hy stapt op'e nij yn'e saak.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | HOF, Alle G. |
Titel: | De dollar sprekt |
Skreaun yn: | 1989 |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-05-28 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |