De eagen fan in Aylva
Beppe Anna hat jierren lyn alle kontakt ferbrutsen mei har soan Wigle, omdat hy net foldie oan it byld dat Anna fan in Aylva hie. No stiet syn soan Alef, Anna har beppesizzer dus, by har foar de doar. Hy wol wraak nimme op wat syn heit oandien is en hy wol beppe har jild. Mar dat jild is der allinne as beppe ferstoarn is. Alef is de iennichste neibesteande. Beppe Anna daget Alef út om har te fermoardzjen. Hy kriget 24 oeren de tiid en moat wat aparts betinke. Beppe en Alef hat noch in soad te bepraten, mar de klok tikket troch... in ferrassend ein.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BIJSTERVELD, Sieger |
Titel: | De eagen fan in Aylva |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2008 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2008-11-22 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |