De fazen fan Romulus
Der wurdt sein dat der yn de Romeinske tiid troch de kriichsoerste Romulus twa lyksoartige, kostbere fazen yn it doarp begroeven binne. Wa't beide fazen yn syn besit hat, wurdt ryk en machtich en dat wol de boargemaster fansels wol oan. Ien fan de beide fazen hat er al kocht en hy docht tige syn bêst om ek de twadde te pakken te krijen. Dan wurdt der troch syn túnman in Romeinske faas opgroeven út in âlde grêft. Boargemaster is út'e skroeven, mar... hat dit spul faaks luzen? Wa't wat romte op it toaniel ta syn foldwaan hat, sil hjir grif sukses mei ha.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | JONG, P. de |
Titel: | De fazen fan Romulus |
Skreaun yn: | 1988 |
Utjoen yn: | 1988 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-15 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 9 |