De Feart
In aksjegroep is tsjin it ticht goaien fan de feart yn it doarp. Mar dizze doarpsbewenners ha allegear harren eigen "belangen". Elkenien bemuoit him der mei, de kastelein en de kafeebesikers.. en ûnderwilens wol Hindrikje har lotten ferkeapje foar de frouljusferiening. De aksjegroepleden reitsje sa yn tsjok waar dat dygenen dy't earst tsjin wiene, wurde foar en oarsom. En se hienen noch wol sa'n moaie namme betocht: W.B.D.P.O.T."Wy Binne Der Poer OP Tsjin!" Mar dan komt it lêste nijs út de Riedsgearkomste; "De feart wurdt net sletten; It jild is op!".Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | ANNEMA, Froukje |
Titel: | De Feart |
Skreaun yn: | 1998 |
Utjoen yn: | 1998 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-14 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 5 |