De ferfalsker

Op in kastiel earne yn Frankryk wennet in markys, dy't der neist hynstefokken in tige nuodlike hobby op neihâldt: bankbiljetten neimeitsje. Hy giet - benammen by de froulju - troch foar in alderivichst aardige man, dy't foar de bûtewacht suver neat sjocht om't er sa't it hjit sa goed as blyn is, en dy't troch tsjok en troch tin fan syn húshâldster Susan yn beskerming hâlden wurdt. Op 'e draverijen rekket er syn produkten by de 'bookmakers' flot kwyt en fierder soargje buorfrou Margot, al sa'n grut ferearder fan him, en in stâlfeint, by de banken yn 'e grutte stêd foar it grutte wurk. Dan ynienen driget er tsjin 'e lampe te rinnen en moatte alle seilen byset wurde om net ûnder de blauwe pannen te reitsjen. Hoe no?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BOSKER, Jannes
Titel: De ferfalsker
Skreaun yn: 19??
Utjoen yn: 19??
Te keap: 0
Oersetter: Klynstra, Roel (bew.)
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1999-01-30
Dekor:
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5