De ferstoarne

Twa freondinnen (Julie en mefrou De Campon) lykje enoar min ofte mear tafallich tsjin te kommen. Hja begjinne in petear oer Victor, de ferstoarne man fan Julie. Yn earste ynstânsje is it ridlik normaal petear oer de ûntrou fan Victor, mar neigeraden it petear foarderet, wurde de teksten hieltiten frjemder en (skynber) ûnlogysker. Julie begjint hieltiten fremdere ferhalen oer Victor te fertellen. Uteinlik komt it safier dat de twa freondinnen enoar net mear werkenne en enoar oare namme jaan geane. It stik einiget mei de wurden "oant moarn" en "deselde tiid...". KOMMINTAAR: It is in ienakter dêr't men in soad kanten mei op kin: it kin bloed serieus spile wurde of absurdistysk of humoristysk en miskien wol alle trije tagelyk. De tekst variearret fan tige logysk en direkt oant poëtysk en tige ûnlogysk. Gearfetsjend sein is it in reedlik nuodlike ienakter mei in soad mooglikheden. In oantreklik stik. DS

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): OBALDIA, René de
Titel: De ferstoarne
Skreaun yn: 1960
Utjoen yn: 1996
Te keap: 0
Oersetter: Zee, Pyt van der
Oarspr. Titel: Le défunt
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: in parkje
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 0