De flok fan de heksehammer
Janke en Mindert hawwe in poppe dy't hieltyd mar gûlt, yrritearjend lang. Se witte net hoe't se der foar soargje kinne dat dit ophâldt. Se wurde fertocht fan bernemishanneling. It Advies en Meldpunt Kindermishandeling stelt in ûndersyk yn, mar fynt úteinlik neat. Der komt in jonge frou út de 17e ieu by Janke dy't fertocht wurdt fan hekserij. Mindert sjocht har noait. Dizze frou, Maaike, seit dat Janke en sy lotgenoaten binne. Maaike wurdt feroardiele ta de brânsteapel. De minsken hâlde harren ynienen stil as Janke of Mindert foarby komt en binne fijannich. It martelark fan hjoed de dei is sivilisearre, mar net minder wreed, net minder pynlik, as yn de 17e ieu. De tsjerke hat fan it leauwen yn heksen in hammer makke om ûnskuldige minsken hurd mei te slaan. Se ha de ' heksen' brutsen, letterlik. Foar Janke en Mindert jildt itselde: de minsken wolle inkel har skuld.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GERHARD, Han.N |
Titel: | De flok fan de heksehammer |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2010 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2010-09-23 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 3 |