De Frijloop
Twa memmen en in heit is it âlder-wêzen tefolle wurden. Se sykje taflecht yn it oanrinhûs foar âlden: "De Frijloop". Under lieding fan in krekt oannommen terapeute besykje se ta rêst te kommen. Linkendewei wurde se sels like puberaal as dat har bern thús wiene. De terapeute hat der de hannen fol oan. Alderhûs "De Frijloop" is in humoristysk en werkenber stik.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | OLDENHOF, Bouke |
Titel: | De Frijloop |
Skreaun yn: | 2002 |
Utjoen yn: | 2002 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2004-01-06 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |