De fûgels fan Fantasia
De sintrale figuer is de Master dy't op it eilân Fantasia de feiligens fan it isolemint kiest. It gewisse, yn de persoan fan Douwe Cappuchinio, hat it draaiboek fan de Master en nimt sa no en dan de gedaante oan fan kwismaster of regisseur. Hy ropt ferskillende stimmen yn it libben, dy't de Master 'entertaine' moatte. Mar hawwe dizze stimmen wol in goede útwurking op de Master? Dizze stimmen - Liedster, Ferliedster, Skynhillige en Libbenslijer - bekfjochtsje mei elkoar en binne stik foar stik slim oergeunstich. Underwilens wachtet de Master op de Hillige Faam, dy't him ôflieding jout. Mar nei trije nachten is de koeke foar de Master op. Douwe Cappuchino lit syn wiere aard sjen en komt mei de Willefrou op'e proppen. Wa is sy, wat hat se te sykjen by de Master? De frustraasjes nimme ta. Lang om let kiest de Master foar himsels, mar rekkenet er wol op it ûnferwachte plot?Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KUIPER, Elmar |
Titel: | De fûgels fan Fantasia |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2011 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2011-08-17 |
Dekor: | ien |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 2 |