De geit
Soldaat Bertje, dy 't krekt ôfswaaid is, docht as lêste kroech it kafee fan Jeanne oan. Hy is aardich oansketten en docht Jeanne út 'e doeken dat er syn mem hatet, syn mem, dy 't him in libbenlang sa oerhearske, dat er him sels fakentiid fergelike mei in geit oan 't spit. Ek Jeanne hat har ferhaal, swierrichheden yn saken, en langst nei de fleurige jonge betsjinners dy 't gjin ferlet mear fan har ha. Stadichoan komme se tichter by elkoar en wurde it al hast iens. As Bertje alles lykwols op in rychje set en troch swarte kofje better by syn sûpe en stút komt, lit er it ôfwitte. Hy is bang dat ek dizze frou him "opfrette" sil en naait út.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | GELDHOF, Rudy |
Titel: | De geit |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Dykstra, Gurbe |
Oarspr. Titel: | De Geit |
Ynfierdatum: | 1998-06-09 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |