De gouden strik/Sorry
De gouden strik: Lys fersoarget har heit, dy't nei in beroerte net mear prate en ek hast net mear bewege kin. Op âldjiersdei moetet se har eardere freondinne, dy't doedestiids samar út har libben ferdwûn. Tidens dat gesprek wurdt it de beide froulju dudlik, dat de heit de reden wie fan dat hastige fuortgean. Anna, violiste en Lys, dwarsfluitiste soenen tegearre nei it konservatorium. Se spilen faak by Lys thús. Har heit hie in wat wrâldfrjemde kollega, dy't noch by syn mem wenne. As der problemen wienen stjoerde heit Lys derhinne, sadat hy allinne mei Anne bleau, ûnderwilens makke hy seksuele avances. In stik oer seksueel misbrûk, macht en wraak. Tige geschikt om op in temajûn te brûken. Sorry: Kees Smids is op advys fan syn dokter lid fan in toanielferiening, dit jier fersoarget hy it dekor. Yn syn monolooch makket er it publyk dudlik dat er tsjinwurdich genôch stikken binne oer ûnderwerpen wer't gjin taboe mear op rêst. Op humoristyske wize fertelt er der oer, mar lit him meislepe troch syn eigen gefoelens fan fertriet en frustraasje. Kees en syn frou Antsje kinne gjin bern mear krije. Harren jonkje Durk hat it stekje iepenkrigen en is ferûngelokke, de hûn blafte wol, mar Antsje reagearre net. No ferwyt se Kees dat dy it stekje net goed ticht dien hie. Tegearre kinne se der net oer prate. Ek foar dit stik jildt: geschikt foar in temajûn of ienakterfestival.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SIEBENGA, Siebe |
Titel: | De gouden strik/Sorry |
Skreaun yn: | 2002 |
Utjoen yn: | 2003 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2004-01-06 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 1 |