De grutte fersierder
Op in duf kantoar, dêr't elkenien him hâldt en draacht neffens syn funksje en dêr't elk ek noch ris neiriden wurdt fan de iennichste oandielhâldster, is Brons dyjinge dêr't it meast op delsjoen wurdt. Der sit gjin libben yn 'e man. Dan komt Djoeke, muoikesizzer fan ien fan de kantoardames, oerstjoer troch de doar mei it ferhaal dat se op 'e Lekkumermient neisitten en hâst oantaast wurden is troch in manspersoan. Oan har beskriuwing foldocht krèkt Brons. Brons wurdt troch elkenien fertocht en skoudere. As it persoanielsfeest is moat hy allinne boppe sitte om de balonnen op te blazen. Mar dan docht bliken dat de froulju Brons ynteressant begjinne te finen. Sels de oandielhâldster begjint mei him om te paaien. Brons feroaret yn in man mei selsbetrouwen, mar skronfelt wer yninoar as Djoeke nochris komt en fertelt dat se har yn it sinjalemint fersind hat en dat se de wiere dieder kin. Gjin frommes dat mear nei Brons taalt.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KING, Philip en Falkland L. Carey |
Titel: | De grutte fersierder |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1995 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Klompmaker, Roel |
Oarspr. Titel: | The big bad mouse |
Ynfierdatum: | 1998-04-17 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |