De heiten…, dêr leit it oan
Dit stik, in 'benei hystoaryske kemeedsje', sa't de skriuwster it neamt, spilet yn Perzië, goed 300 jier foar Kristus. Dy kwalifikaasje hoecht nimmen fan efteroer te fallen, want it stik is sa aktueel as it mar kin. It hat trije bedriuwen, dy'tyn inkelde scènes ûnderferdield binne en elkoar kronologysk opfolgje. Men kin der oer stinne hoe de yntrige te beneamen. It is net allinne 'benei' hystoarysk, mar ek 'benei' romantysk, dramatyskm, iroanysk. In blijspul? In persiflaazje? Ja, dat is it. Sa besjoen kin it 'benei' ferfalle. Fyn ynleine spotternij fan it 'heltedom', en de iene geastige opmerking folget op 'e oare. Alhiel frij fan sentimentaliteit, mar wol is altyd bywêzicht it earlike, fynfielende minskeherte.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | TICHY, Anny |
Titel: | De heiten..., dêr leit it oan |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | Veen, Barend van der |
Oarspr. Titel: | ? |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 5 |