De hier opsein

Benny en Lize, beide al wat op jierren, hâlde it meiïnoar. Mar Lize hie in man. Om dy kwyt te reitsjen hawwe se him by in hege kelderstrep del trûzelje litten en dat hat er net oerlibbe. Koartlyn hat de eigener it flatgebou ferkocht op betingst, dat it leech oplevere wurde moast. Benny en Lize sitte krap yn't jild, dat as de eigener harren twatûzen gûne biedt, ûntromje se de flat, mar geane der fuort letter as kreakers wer yn. It duorret net sa lang, dan komt der in fertsjintwurdiger fan de nije eigener om harren der út te praten: as se net yn goedens wolle, dan sille der maatregels nommen wurde. Benny en Lize bringe it praat op'e kelder en fansels wurdt de man nijsgjirrich. As sy him it paad dêrhinne wize, falt er yn itselde tsjustere gat as syn foargonger. Fan him binne se dus ek ôf, wa wit komt der noch in tredde kandidaat.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): WEST, Don
Titel: De hier opsein
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter: Zee, Pyt van der
Oarspr. Titel: Vacant possession
Ynfierdatum: 1998-05-12
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 2