De hûnekarre
It tema fan it stik is it boljeien yn de turfmakkershoeke yn de tritiger jierren. Der wurdt yn behannele: it útrûpeljen fan de arbeiders; de twongen winkelnearing; de skriele earmfâdije; it tsjin mekoar útspyljen. De geastlikheid hold de "tsjerklike arbeiders" foar, dat boljeien duvelswurk wie. Sa woe men in twaspjalt berikke tusken de tsjerkliken en de readen. Rjocht wie der net yn dy tiid, de plysje tsjinne de hearen en hold benammen de "reade arbeiders" der ûnder. It stikje skiednis dat yn in geef stik wurk ferwurde is, foar wa 't hjir noch ris nocht oan hat: in útdaging!Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | KLIJNSTRA, Roel |
Titel: | De hûnekarre |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1989 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-17 |
Dekor: | ûnderskate wenkeamers, in hiem, tichthús, efterhús |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 6 |