De kaai fan de trije hynders

Hanneke hat spul mei de bern dy't in museum iepenje sille op it doarp. Dan fynt se in kaai, dy't op'e doar fan it âld hok by de herberge "De Trije Hynders" past. Dy doar hat ieuwen lang net iepen west. As er no iepen giet, komme der allegearre bern út dy't efternei sitten wurde troch de woeste smid Geart Gosses. Njonkenlytsen docht bliken dat dy doar tagong jout ta it ferline. Dêr wol de archeologe Tsjits Lodde fan profitearje, mar dat bekomt har net sa bêst. Se hie wol in leske fertsjinne, want sa't sy har helpster Gepke Skepke behannele roaide ek kant noch wâl. Fansels komt alles wer op syn poatsjes telâne en dan wurdt it museum feestlik iepene.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): SCHOTANUS, Jan
Titel: De kaai fan de trije hynders
Skreaun yn: 1982
Utjoen yn: 1982
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 1999-04-15
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0