De kar
It giet oer in sakeman, dy't fan lyts ôf begûn, in fabryk stifte hat. De saken nimme him alhiel yn beslach en sadwaande komme frou en bern oan 'e krapperein. Syn soan, net in learder, mar mei ambysjes foar in artistike rjochting, moat en sil him letter opfolgje. Dat rint op in mislearring út fansels. Syn dochter hat ferkearing mei in gewoane jonge en dat kin der net op troch. En yn 't saaklike rint it him ek al net mei om't it folk easken begjint te stellen dêr't de baas neat fan witte wol. Geandewei komt er ta it ynsjoch dat it trochsetten fan syn plannen him folslein nei de ûndergong fiere sil. In klimaks dus yn it stik dy't teweech brocht wurdt troch de soan sakje te litten foar it eksamen en him dronken thús komme te litten. De jonge hat it dien út benaudens foar syn heit. Mar no slacht dy bangens nei de oare kant troch en wurdt it in rûzje fan komsa. Syn dochter freget him noch ienkear yn goedens om har ferkearing goed te finen, want se hawwe trouplannen. As er net tajaan wol, rint se de doar út. Yn it fabryk driget in staking en de bedriuwslieder stiet oan 'e kant fan de arbeiders. En ûnder de bedriuwen is de soan troch opkroppe spanning, drank en it stimulearjende middel dat syn heit him foar it eksamen taparte hat, sà oeral en oer syn toeren dat er it fabryk yn 'e brân stekt. Mei alle middels besiket de baas it spul wer op 'e gleed te krijen, mar it brekt him by de hannen om ôf. Syn frou, dy't lang swijd hat, kin it no ek net mear oan en se set him foar de kar: in oare wei út of se giet mei de bern de doar út. Dan jout er krimp.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | POSTHUMA, E. |
Titel: | De kar |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | ? |
Te keap: | 0 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-01-30 |
Dekor: | |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 5 |